De cd Retteketet tsjyng boem Diel 2 (1992)

Retteketet tsjyng boem is in seleksje út de ferskes dy't de famylje van der Meer út Goaiingea tusken 1975 en 1990 song foar Omrop Fryslân. De ferskes foarmen in ûnderdiel fan de skoalradioprogramkes foar de lytse bern. In part fan de lietsjes stie earder al op platen: Kwek Kwek minemyn (1977), Hup sûpengrottenbrij (1980) en Tsien jier skoalleradio (1983), in oar part fan de ferskes is nij. Se steane allegear yn it boek Retteketet tsjyng boem (1992). As it net oars oanjûn is binne tekst, wize en arrangementen fan Hindrik van der Meer. De ferskes wurde songen troch Kees, Rinske, Gerbrich, Teake, Wytse, Beitske en Hindrik van der Meer. Ek de ynstruminten bespylje hja, op in pear nei, allegear sels. Sjoch ek ris nei diel 1 wannear't jo dy noch net hawwe.
€ 15,99
BestelleBoppesteande priis is ynklusyf BTW en ferstjoerderskosten.