Wy begjinne ynkoarten mei in eigen webloch oer de Fryske muzyk. Jim kinne ús webloch no al berikke op webloch.fryskemuzyk.nl. Op dizze webloch besykje wy nijtsjes te bringen út de wrâld fan de Fryske muzyk.
Neist dizze nije side binne wy ek aktyf op de sosjale media. Jim kinne sawol op hyves as op facebook freonen wurde mei ús. Dêrneist ha wy ek noch in eigen twitter wêr't wy jim op de hichte hâlde fan de nijste Fryske útjeften. Jim fine alle knopkes nei de sosjale media ek ûnderoan alle siden.
Fan hjoed ôf kinne jo foar al jo Fryske muzyk terjochte op ús nije folslein twatalige thússide. Wy binne fan doel om fan dizze side IT platfoarm foar de Fryske muzyk te meitsjen. Ynkoarten kinne jo dan ek noch in soad oanpassings en bynammen ek oanfollings ferwachtsje.
Fanôf 1 maart 2010 is Fryskemuzyk.nl ûnderdiel fan Thaeke.com. Wy hawwe de domeinnammen Fryskemuzyk.nl en Friesemuziek.nl oernaam fan Wietse Bijlstra fan Smash Records. Wietse Bijlstra rjochtet him fan no ôf op syn nije bedriuw Smash Visuals. Thaeke.com nimt de ferkeap fan Fryske cd's en dvd's dus fan no ôf oer. Wy sille noch oan de slach mei dizze thússide mar ynkoarten fine jo by ús gewoan wer alle noch leverbare Fryske cd's en dvd's. Troch de oername fan Fryskemuzyk.nl hoopje wy DE oanbieder te wurden fan Frysktalige muzyk. Wy binne der yn elk gefal fan oertsjûge dat jo by Fryskemuzyk.nl fine wat jo sykje. Mei Fryske groetnis, Thaeke Johannes Kuipers Thaeke.com
| De fleanende Hollanner live DVD | € | 17,99 |
| Oer de grins | € | 15,99 |
| Oer alles skynt de sinne | € | 15,99 |
| Promo Rekker | € | 5,99 |
| Silver rock 2011 | € | 15,99 |
| Fryske Cash - de DVD | € | 14,99 |
| Wytfear | € | 16,49 |
| Dat sadwaande | € | 16,99 |
| Lit my en Wurden | € | 7,99 |
| Ik sjong foar dy | € | 6,99 |
| Moed en nocht | € | 23,99 |